← Kembali
🎵

De hel foarby

Album: De Kast - Ultiem Durasi: 4:03

In wiidferlitten frjemdte

In grauwe grize gloed

It fêste fûle bûnzjen fan myn bloed

It lûd fan iis en izer

Fan wyn en waar en kjeld

Fan ritmes yn in rauwe rûge hel

Ferbline troch de fiere wite djipte

Ferwûne troch in wrede wite wrâld

De krêft dy 't 'k yn my fielde, wie in krêft dy 't kaam fan dy

As in beaken soest my liede, as in fjoer wiesto yn my

Yn 't tsjuster fan de ierde, wiest in skynsel op myn wei

Op dyn wjukken gie 'k de hel foarby

Fertiez' yn en twang en twifel

Ferdwaz' yn pine en striid

It trage twingend tellen fan de tiid

Doe 't alles yn my raasde

Om net mear troch te gean

Doe seach ik oan de eachein dy dêr stean

De hel dy gie 'k foarby mar net allinne

It krús dat draach ik op myn hert foar dy

De krêft dy't 'k yn my fielde, wie in krêft dy 't kaam fan dy

As in beaken soest my liede, as in fjoer wiesto yn my

Yn 't tsjuster fan de ierde, wiest in skynsel op myn wei

Op dyn wjukken gie 'k de hel foarby

Ooh, de hel foarby

Yn 't tsjuster fan de ierde, wiest in skynsel op myn wei

Op dyn wjukken gie 'k de hel foarby

Dy krêft dy kaam fan dy

As in beaken soest my liede, as in fjoer wiesto yn my

Yn 't tsjuster fan de ierde, wiest in skynsel op myn wei

Op dyn wjukken gie 'k de hel foarby