Yn myn tinzen - De Kast

Ik rin ûnder de beammen yn it bosk 
De kâlde drippen die falle op myn hûd 
Ik dûnsje as in bern 
Yn it forske griene maas 
En de fûgels fleane op en jouwe lûd 
En lâns de poddestuollen 
Ferfolgje ik myn reis 
As in flinter yn de loft 
Sa bin ik altyd ûnderweis 



Yn de wyn hear ik dyn stim 
Yn alles wat ik sjoch kin ik dy sjen 
Fier oer de grinzen djip yn myn tinzen 
Hâld ik fan dy do bist de wei 
En jûn bist do by my 



Ik sjong want út myn hert bist do nea 
Do sjouwst my krêft yn dizze wylde wrâld 
De leafde die 't ik fiel 
Hâld ik tot oan myn dea 
En yn myn dreamen wurde wy tegearre âld 
De leafde is in wûnder 
Sjoch mar wat ik docht 
Nea kin ik mear sûnder 
Do bist myn gelok en myn ljocht 



Yn de wyn hear ik dyn stim 
Yn alles wat ik sjoch kin ik dy sjen 
Fier oer de grinzen djip yn myn tinzen 
Hâld ik fan dy do bist de wei 
En jûn bist do by my 



Fier oer de grinzen djip yn myn tinzen 
Hâld ik fan dy do bist de wei 
En jûn bist do by my 



Yn de wyn hear ik dyn stim 
Yn alles wat ik sjoch kin ik dy sjen 
Fier oer de grinzen djip yn myn tinzen 
Hâld ik fan dy do bist de wei 
En jûn bist do by my
Artist: De Kast
Title: Yn myn tinzen